Opknapbeurt noardlike brêge by Koarnwertersân úteinset

Steuringen fan de noardlike brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân moatte nei de yngreven renovaasje fan de kommende wiken definityf foarby wêze. Rykswettersteat is moandeitemoarn begûn mei de wurksumheden, dy't oant en mei 26 april duorje.
De oandriuwing fan de brêge yn de A7 rjochting Noard-Hollân wurdt ferfongen en der wurdt in nij kuolsysteem ynstallearre. Dat moat der foar soarchje dat de brêge it by waarm waar ek docht. No binne der faak noch technyske steuringen of sit de brêge fêst troch de waarmte.
It ferkear moat ûnder de wurksumheden rekken hâlde mei fertragingen.