Poiesz fiert 95-jierrich jubileum mei mânske oranjekoeke

16 apr 2018 - 10:28

Supermerkketen Poiesz bestiet dit jier 95 jier. Ta gelegenheid dêrfan krije sawat santich soarchynstellings yn it hiele Noarden moandei in stikje oranjekoeke. Alle 25.000 stikjes wurde snien út ien mânske koeke, fan mar leafst 9,5 by 9,5 meter.

It famyljebedriuw is oait begûn mei in grientesaak fan tolve kante meter oan de Havenstraat yn Snits. Yn 1962 waard de earste winkel iepene. "Een zelfbedieningswinkel, dat was een nieuw fenomeen," fertelt Piet Smit, algemien direkteur Poiesz. No hat it bedriuw 69 fêstigingen, yn fiif noardlike provinsjes. "We zijn enorm trots. Regionaal zijn we marktleider. Ons geheim is dat we ons aanpassen aan de noordelijke klant, we zijn een nuchter en eerlijk bedrijf." Guon minsken ha it oer de 'Poi' as se nei de supermerk gean, oaren sizze 'Pois', mar yn Snits ha se it oer 'Puis'. It makket Smit net út. "Als ze maar bij ons boodschappen doen. Piet Smit wurket ek al goed tritich jier by it famyljebedriuw út Snits. "We voelen ons allemaal Poiesz, ook al heet ik Smit. De families Poiesz en Smit zijn door trouwerijen met elkaar vergroeid."

"It is de grutste oranjekoeke dy't oait makke is. It is in enoarme prestaasje. De loads stiet fol mei taart," fertelt Thirza de Rond, se is ferantwurdlik foar de ynkeap fan de bakkerij. "We snije der 2800 taarten fan en dy geane nei de fêstigingen en de filiaallieders geane dêrmei nei de soarchynstellingen." Ek bakker Jan Obe Nauta is wiis mei it resultaat. "Der stiet wat prachtich moais. By it meitsjen moasten we de kop derby hâlde, mar dat moat fansels altyd."


 

(advertinsje)