Annie M.G. Schmidtpriis net foar trio Syb, Wiebe en Gé

16 apr 2018 - 08:22

De Annie M.G. Schmidtpriis foar it bêste Nederlânske klienkeunstliet giet dit jier oan Fryslân foarby. Syb van der Ploeg, Wiebe Kaspers en Gé Reinders wiene nominearre mei it ferske 'Wat is er mis met luisteren?'. De priis is lykwols wûn troch sjongeres Wende Snijders mei it liet 'Voor Alles'. De tekst fan dat nûmer is skreaun troch de ferstoarne skriuwer Joost Zwagerman. De priis is dit jier foar de 26ste kear útrikt.

Oare nominearren wiene Youp van 't Hek, Stef Bos, Kirsten van Teijn en Mylou Frencken.  

(advertinsje)