FIDEO: It monuminteplein yn Koarnwertersân

20 apr 2018 - 07:40

Yn Fryslân binne mear as trijehûndert monuminten dy't weromtinke dogge oan de Twadde Wrâldoarloch. Op 24 april meitsje de provinsje en it Nationaal Comité 4 en 5 mei bekend wa't it komplimint foar in oarlochsmonumint krijt.

In sjuery hat besjoen hoe't der op it monumint past wurdt, no en yn de takomst. Der binne fiif nominearren dy't dizze wike omtinken krije op Omrop Fryslân telefyzje en radio. Freed, as lêste, it monuminteplein yn Koarnwertersân.

De monuminten op it plein betinke kapitein Christiaan Boers en syn lutenant Quirinus Ham. Sy moasten de Dútske opmars tsjinhâlde. De 225 Nederlânske soldaten wienen ûnder lieding fan Boers en Ham yn steat om de Dútsers tsjin te hâlden. Letter binne se beiden oppakt troch de Dútsers en eksekutearre.

Besjoch it monumint yn Ealahuzen.

(advertinsje)