FIDEO: It fredesmonumint yn Ealahuzen

19 apr 2018 - 07:40

Yn Fryslân binne mear as trijehûndert monuminten dy't weromtinken dogge oan de Twadde Wrâldoarloch. Op 24 april meitsje de provinsje en it Nationaal Comité 4 en 5 mei bekend wa't it komplimint foar in oarlochsmonumint krijt.

In sjuery hat besjoen hoe't der op it monumint past wurdt, no en yn de takomst. Der binne fiif nominearren dy't dizze wike omtinken krije op Omrop Fryslân telefyzje en radio. Tongersdei it fredesmonumint yn Ealahuzen.

It monumint betinkt Joop Schweitzer, dûmnyssoan út Balk. Hy holp ûnderdûkers, mar dûkte sels ûnder doe't Dútsers him sochten. Hy skrokt doe't er hearde dat de Dútsers nei Ealahuzen kamen. Op de flecht is er deasketten.

Besjoch it monumint fan Sint-Jânsgea.

(advertinsje)