FIDEO: It grêfmonumint foar Richard Jung yn Sint-Jânsgea

18 apr 2018 - 07:40

Yn Fryslân binne mear as trijehûndert monuminten dy't weromtinken dogge oan de Twadde Wrâldoarloch. Op 24 april meitsje de provinsje en it Nationaal Comité 4 en 5 mei bekend wa't it Komplimint foar in oarlochsmonumint krijt.

In sjuery hat besjoen hoe't der op it monumint past wurdt, no en yn de takomst. Der binne fiif nominearren dy't dizze wike omtinken krije op Omrop Fryslân telefyzje en radio. Woansdei it grêfmonumint foar Richard Jung yn Sint-Jânsgea.

Jung waard berne yn Tsjecho-Slowakije en waard oproppen foar it Dútske leger, mar dat woe er net. Hy kaam yn de finzenis, ûntsnapte en flechte nei Nederlân. Yn Skarsterbrêge kaam er by it ferset. Op 15 april 1945 is er omkaam.

Besjoch it monumint yn De Pein.

(advertinsje)