Kollum: "By de kninen om ôf"

16 apr 2018 - 07:21

"Kninen op Skiermûntseach ha te min seks. Dat wie freedtemoarn betiid yn it nijs by de Omrop. En efkes letter hearde ik it ek by de NOS. Omdat al dy Flappies op Skier lêst hat fan in sliepsek binne der de lêste pear jier te min jongen by kaam. En dat is op syn beurt wer skealik foar it natuerbehear op it eilân. En dus wurde de kninen op Skier in hantsje holpen troch Natuurmonumenten.

As ik sok nijs op de radio hear, dan sjoch ik dat automatysk fuort al foar my: in boskwachter dy't seksuele foarljochting jout oan in hok fol kninen. As der ien bistesoarte is dy't wol wit hoe't soks wurket, dan binne it kninen, soest sizze. Mar op Skiermûntseach binne se blykber 'útneukt'. Sorry foar it wurd.

Boskwachter Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten lei freedtemoarn op de radio út hoe't er it libido fan Stampertje op Skier wer wat opkrikke sil. Alderearst wurde de kninen fongen, wêrnei't se yninte wurde tsjin sykten. En dan wurde se mei syn allen yn in saneamde warande set. Dat is in feilige omjouwing, dêr't se kalm de leafde bedriuwe kinne. Sûnder foksen, wylde katten of rôffûgels, dy't de died fersteure kinne. Yn sa paradyske soe it allegear wol klear komme.

Mar hee, tocht ik. Dizze kninen op Skier wenje no dochs al yn it paradys? Skiermûntseach is ien fan de moaiste eilannen, mei bosk, dunen en heidegebieten. Dizze kninen ha alle dagen in fakânsjegefoel. Se hoege noait te slepen mei swiere tinten, tassen fol troep en jankende bern. Se kinne alle dagen hearlik op it strân lizze sûnder te stressen wannear't de lêste boat giet. Mei oare wurden: wat mankearret dy bisten? Jou gas en hingje 'm der yn, of net dan?

Hiel earlik: ik tink dat it te krijen hat mei it nijs in dei earder. Ofrûne tongersdei waard nammentlik bekend makke dat we yn Fryslân hieltyd mear soa's ha. Seksuele Overdraagbare Aandoeningen. Dat sil dy kninen op Skiermûntseach grif ek lêzen ha op de Omrop-app. Of Bear Boeloe hat it se ferteld. Tsja, en dan is de keuze gau makke. Want as knyn wolst fansels net rûn hippe mei Chlamydia of in 'druiper'. Dan kinst 'm better mar better yn de broek hâlde.

Myn foarstel is dan ek dat wy dy kninen op Skier fange en earst allegear behannelje tsjin geslachtssykten. Dêrnei sette we se yn in gewoane kninestjelp fan twa by ien meter. Sa'n hokje mei wat gaas en in drinkfleske, dat wy thús ek op 'e tún hawwe. En as dat allegear klear is, dan belje wy ús heit. Want dy wist eartiids op mirakuleuze wize by twa froutsjes - "Ja meneer, het zijn écht twee vrouwtjes" - noch in nêst jongen te krijen. Hatsaflats. Probleem oplost."

(advertinsje)