FNP: Lit Katalaanske politisy frij

15 apr 2018 - 21:24

De FNP wol dat de Katalaanske politisy, dy't fêstsitte yn ferskate Spaanske finzenissen, frijlitten wurde. De Fryske partij stipet in resolúsje tsjin "it steatsgeweld en de represje yn Spanje". De resolúsje waard sneon yntsjinne op it kongres fan de Europarlemintspartij EFA, in koälysje fan ferskate regionale partijen. Dat kongres wie freed en sneon yn it Beierske Landshut.

"Op politike grûnen betocht"

Mei de resolúsje wol de EFA hearre litte dat de Katalaanske politisy dy't yn de ôfrûne moannen opsluten binne, frijlitten wurde moatte. "Yn de eagen fan de FNP binne de tsien parlemintsleden fêstsetten foar misdieden dy't op politike grûnen betocht binne", skriuwt de partij. Under oaren de Katalaanske vice-presidint en de lieders fan de twa grutste ûnôfhinklikheidsbewegingen sitte yn de Spaanske finzenis. "It kin net sa wêze dat politisy dy't troch de ynwenners keazen binne, foar lange tiid yn de finzenis opsluten wurde, wylst der gjin útsjoch is op in stabile oplossing."

Yn frijheid weromkeare

In tal oare politisy dy't foar de Katalaanske ûnôfhinklikheid binne, lykas harren presidint Carles Puigdemont, binne flechte nei België, Switserlân en Skotlân. De EFA wol dat sy yn frijheid weromkeare kinne moatte.

De FNP wol dat Spanje de dialooch mei Kataloanië oangiet om út de politike ympasse te kommen.

Brief oan ambassadeur

Earder hat de FNP al in brief stjoerd oan de Spaanske ambassadeur yn Spanje, makke de partij snein bekend. Oanlieding dêrfoar wie de flecht fan Marta Rovira fan de ERC. Dy partij sit mei de FNP yn de EFA. Yn dy brief neamt de FNP it belied fan Spanje "een schandaal in het moderne Europa, waar Spanje zich vol overtuiging bij heeft aangesloten."

Trefwurden: 
Kataloanië FNP EFA
(advertinsje)