Campus@Wurk wol jeugd mei autisme oan bedriuwen keppelje

15 apr 2018 - 19:51

De stifting Autisme Campus Fryslân wol mei Campus@Wurk in kampus meitsje dêr't jongerein mei autisme wenje, wurkje en leare kin.

In diel fan dy groep jongerein sit thús of docht wurk ûnder syn nivo. De stifting fynt dat se in better plak op 'e arbeidsmerk krije moatte en dat se goed yn de ICT wurkje kinne.

Keppelje oan bedriuwen

Mei Campus@Wurk wurdt dy jongerein keppele oan bedriuwen, om dêrnei te sjen watfoar skoalling oft nedich is. Op dy kampus krije se dan persoanlike begelieding. Der wurdt noch in geskikte lokaasje socht.

De provinsje en Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en de DDFK-gemeenten stypje it plan fan Autisme Campus Fryslân mei subsydzje. Doel is om yn oktober 2018 mei de earste groep jongerein útein te setten.

(advertinsje)