Friezen mei arbeidsbeheining melde harren hast net

15 apr 2018 - 20:16

Fryske wurkleazen dy't in arbeidsbeheining hawwe melde harren hast net by it online platfoarm maakerwerkvan.nu. Dat platfoarm is febrewaris yn it libben roppen om wurkleazen mei in arbeidsbeheining te helpen oan in baan. Sy kinne witte litte watfoar wurk oft se wolle en wêr't se graach wurkje soene.

Yn totaal binne der 21 Friezen dy't harren by it platfoarm meld hawwe. Allinnich yn Grinslân en Drinte wienen der noch minder minsken dy't harren wurkwinsken trochjoegen.

Op 60% fan de 450 wurkwinsken dy't yntsjinne binne, hat in wurkjouwer reagearre. It platfoarm bringt de twa partijen dêrnei yn kontakt.

Trefwurden: 
arbeidsbeheining
(advertinsje)