Foar it earst dielde winner by skûtsjesilen Langwar

© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
It skûtsjesilen by Langwar is dit wykein wûn troch de skûtsjes Hoop op Welvaart fan skipper Rutger Boonstra en de Wylde Wytse fan skipper Sikke Heerschop.
Se ha beide eksakt likefolle punten helle en moatte de kampioenswimpel dit jier dêrom diele. It is foar it earst yn it tsienjierrich bestean fan de wedstriid dat dat bart.
Omdat de wyn op snein net foar elkenien gelyk wie, hat de organisaasje besletten dat allinnich de wedstriden dy't op sneon syld binne meitelle foar it einklassemint.