Afgaanske húshâlding "yn folsleine steat fan wanhoop"
It giet net goed mei de Afgaanske húshâlding dy't freedtemoarn út it azc fan Burgum helle is om útset te wurden nei Afganistan.
Wanhoop
Esther van Dijken, dy't har sterk makket foar bern dy't mei útsetting bedrige wurde, hat sneintemoarn by de húshâlding yn it detinsjesintrum yn Zeist by harren op besite west. Neffens har is de húshâlding mei trije bern yn folsleine steat fan wanhoop.
Afganistan ûnfeilich
Freedtemoarn waarden se fan harren bêd lichte en ferfierd nei Zeist. Lokale politisy fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Ljouwert hawwe dêr freedtejûn in stil protest tsjin hâlden, mar dat hat net holpen. Neffens Esther van Dijken bliuwe se fjochtsjen foar de húshâlding en is it wol fan grut belang dat riedsleden harren útsprekken bliuwe tsjin it útsetten fan bern nei ûnfeilige lannen as Afganistan.
Yn dit gefal giet it om in húshâlding dy't al yn Afganistan bekeard is ta it kristendom en dêrtroch neffens har grut gefaar rint as se weromstjoerd wurde.