Kuorballers SCO begjinne fjildkompetysje wer mei winst

© PEEM Media
De kuorballers fan SCO ha de fjildkompetysje ferfette hoe't se foar de winter einige wienen: troch te winnen. Snein fersloech de ploech út Aldeholtpea thús it Grinzer Nic. mei 21-14.
De koprinner fan de haadklasse hie alle sân wedstriden wûn foar't de sealkompetysje begûn. Snein wie it ferskil by it skoft al sân punten yn it foardiel fan SCO: 11-4. Dat ferskil bleau yntakt.
Takom wike giet SCO op besite by Tempo. De ploech út Alphen aan den Rijn stiet twadde.