VV Hearrenfean lyk tsjin subtopper nei comeback

15 apr 2018 - 16:42

Sneinshaadklasser VV Hearrenfean hat op it eigen sportpark in punt pakt tsjin Leonidas: 2-2. De klup út Rotterdam stie tredde en like ek fan Hearrenfean te winnen, mar de Friezen kamen knap werom fan in 0-2-efterstan.

Oussama Yekhlef sette de Rotterdammers al yn de tredde minút op foarsprong. Assad el Harti makke in pear minuten foar it skoft sels de 0-2.

Yn de twadde helte brocht Kevin Regts de Feansters werom yn de wedstriid. Yn 'e slotfaze krige Leonidas-keeper Michel Franken in reade kaart. Han van Dijk sette dêrnei mei in strafskop de 2-2 op it skoareboerd.

Hearrenfean bliuwt op it fyftjinde plak stean.

(advertinsje)