Dijk van een Verhaal: mei wenwein en trekker by Deltadyk del

15 apr 2018 - 16:30

Mei in wenwein mei in trekker derfoar rydt ferhalefertelster Baukje Fennema út Eanjum oant en mei augustus by de Deltadyk del. Oeral en nearne stoppet se om ferhalen te fertellen. Ferhalen fan minsken dy't se tsjinkaam is doe't se fan Lauwerseach nei de Ofslútdyk rûn yn 2017. Dit jier makket Fennema de reis wer en sil se tegearre mei de minsken performances jaan op de rûte. Dijk van een Verhaal hjit it projekt, in ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd 2018.

Dy performances besteane út bygelyks dûns, muzyk en poëzij en geane oer it libben, de leafde, lijen en treast. Op har Facebookpagina hâldt Fennema in deiboek by. Op dy side kinne minsken ek sjen wêr't Fennema op it stuit is en watfoar in performances dêr komme.

(advertinsje)