Betinking by monumint delstoarte Lancaster yn Alde Feanen

Neibesteanden fan de bemanning fan de Lancaster, dy't yn 1942 delstoarte yn De Alde Feanen, hawwe sneintemiddei in monumint ûntbleate. Der wienen mei-inoar sa'n fjirtich neibesteanden fan de sân bemanningsleden oanwêzich út Ingelân, Kanada, Nij-Seelân en Australië.
Swellemuorre
It monumint dat snein op Fryske Befrijdingsdei yn gebrûk nommen waard is in swellemuorre, in ûntwerp fan arsjitekt Nynke-Rixt Jukema. Fan elk fan de bemanningsleden wie der snein in neibesteande dy't in persoanlik ferhaal fertelde. Dy persoanlike ferhalen binne ek yn izeren buiskes dien, makke fan materiaal fan de Lancaster. De boadskippen waarden as ûnderdiel fan de seremoanje yn sân gatten fan de swellemuorre pleatst.
"It minste wat je dwaan kinne"
Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie der snein by yn De Alde Feanen. "It meitsjen fan in monumint is it minste wat je dwaan kinne foar dizze minsken", sei er. De fjirtich neibesteanden wienen emosjoneel, mar mei it monumint wienen se sichtber bliid. "In prachtich plak en ek in prachtige symbolyk, seit Peter Joslin út Ingelân, de pakesizzer fan de piloat fan de Lancaster. Dy piloat wurdt wol as in held sjoen, omdat er de measte bemanningsleden de kâns joech om har mei in parasjute te rêden, wylst er sels omkaam. "Hy soe sein hawwe dat er syn plicht die, mar soe seker net in held neamd wurde wolle, ek al sjogge wy it no wol sa", seit Joslin der oer. Joslin is no sels ek piloat. Hy wie al ferskate kearen earder yn Earnewâld en is seker fan doel om faker werom te kommen.
Eksposysje
Deputearre Michiel Schrier iepene nei it ûntbleatsjen fan it monumint noch de eksposysje 'Geraakt' yn it besikerssintrum fan De Alde Feanen. Dy eksposysje giet oer it ferhaal fan de Lancaster, dy't yn de nacht fan freed 4 op sneon 5 septimber 1942 delkaam, nei't er rekke waard troch Dútsk geskut. Blikfanger op de lytse, mar tige byldzjende eksposysje is in ynstallaasje dy't makke is fan brokstikken fan de Lancaster dy't it ôfrûne jier op de Ald Dwinger nei boppen helle binne. Ek is der op de eksposysje romte foar de persoanlike ferhalen fan de sân bemanningsleden. Ek de eksposysje waard tige wurdearre troch de bûtenlânske gasten en ek troch de meiwurkers fan definsje dy't belutsen wiene by it bergjen fan de bommewerper.