Bern meitsje tocht fan flechtrûte âlders yn Joadske Brulloft
It is snein 15 april Fryske Befrijingsdei en de lanlike betinkingen op 4 maaie komme ek wer tichterby. We betinke de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch, dy't 73 jier lyn einige. Der komme hieltyd minder persoanlike ferhalen nei boppen fan minsken dy't it meimakke hawwe en dan is it ekstra bysûnder wannear't der wol in ferhaal fan souder komt. En dat wie ferline jier sa.
Unike bylden
By tafal komt ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn 'e kunde mei de bern fan de Joadske Barend Boers en Mimi Dwinger. Dy bern fine nei de dea fan harren âlders in koffer dêr't in unike, folslein goed bleaune film oer de brulloft fan harren âlders yn sit. Jierrenlang hat de koffer allinnich bekend west yn de famylje. Der sitte dokuminten, brieven en foto's fan de brulloftsgasten yn: freonen en famylje dy't se noait kend hawwe omdat se fermoarde binne yn de gaskeamers. Barend en Mimi wisten te flechten foar de oarloch troch rinnend nei Spanje te gean.
Fan Nederlân nei Spanje
Programmamakker Annet Huisman makke mei de bern fan Barend en Mimi dyselde tocht foar in searje dokumintêres. In bysûndere tocht fan Nederlân nei Spanje. Yn de rige fan fjouwer dokumintêres oer de reis sjogge we hoe't de bern it belibje en leare we troch harren it ferhaal fan de flechtlingen fan doe, mar ek dy fan no better kinnen. Foar de dokumintêremakker wie it ek in grut aventoer mei in soad research. Fan Nederlânske argiven, fia Spaanske researchers en kontakten fan de famylje wist se it spoar werom goed yn kaart te bringen.
De Joadske Brulloft
De Joadske Brulloft fan Annet Huisman wurdt fan nije wike ôf útstjoerd: snein fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. De dokumintêre is ek sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere te sjen op NPO 2.