Plysje grypt yn mei wapenstôk op it Cambuurplein

15 apr 2018 - 14:53

De plysje hat sneontejûn mei de wapenstôk yngripe moatten by ûngeregeldheden op de merke op it Cambuurplein yn Ljouwert. Dêr wie in fjochtpartij oan de gong en ien fan de fjochtersbazen, in 19-jierrige Ljouwerter, bleau ek dêrnei noch agressyf. Hy waard oanhâlden, mar taskôgers wiene it dêr net mei iens en besochten de oanhâlding foar te kommen. Plysjes waarden bedrige en moasten troch kollega's holpen wurde. Uteinlik waard der mei de wapenstôk romte makke, om de Ljouwerter ôf te fieren nei it plysjeburo. Dêr krige er proses-ferbaal en in ferbod oant sneintejûn om noch wer nei de merke op it plein te gean.

Ek in 17-jierrich famke út Ljouwert waard oanhâlden en krige in tagongsferbod, om't sy de plysjes misledige. De plysje sil har letter noch hearre oer it misledigjen.

Trefwurden: 
plysje wapenstok Cambuurplein
(advertinsje)