Frysk pear yn kontakt mei bemanningslid delstoarte Lancaster

Yn De Alde Feanen wurdt sneintemiddei in monumint ûntbleate ta neitins oan de bemanning fan de Lancaster, dy't dêr yn 'e nacht fan freed 4 op sneon 5 septimber 1942 delkaam. It wie ien fan de 251 fleantugen dy't dy nacht út Súdwest-Ingelân wei de tsjustere nacht temjitte giene. Doel wie it bombardearjen fan fleantúchfabriken yn ûnder oare Bremen.
Tolve Britske bommewerpers giene ferlern. Dêrby ek de Lancaster dy't boppe de Fryske Waadeilannen rekke waard troch Dútsk geskut. Ek in Dútske nachtjeier skeat noch op it tastel dat brânend delkaam yn De Alde Feanen. Oan board wiene fjouwer Britske en trije Kanadeeske bemanningsleden. Trije manlju oerlibben it net. It tastel is pas ferline jier burgen. Dizze wike waard bekend dat de stoflike resten dy't by de berging fûn waarden, net fan de noch altyd fermiste boardskutter Cooper binne.
Buro de Vries
By de ûntbleating fan it monumint binne ûnder oaren neibesteanden fan de bemanningsleden oanwêzich. Under de útnûge minsken binne ek Marten en Wipkje Sytema fan Warten, dy't yn kontakt kamen mei ien fan de bemanningsleden: Eric Booth. Yn it radioprogramma Buro de Vries waard sneintemoarn it ferhaal fan de Sytema's optekene.
Yn 1987 krijt Wipkje Sytema in telefoantsje fan boargemaster Holtrop: "Hjir is in fleaner fan in fleantúch dat yn de Alde Feanen delstoart is en hy wol graach de omjouwing sjen dêr't hy delkommen is." It wie Eric Booth, de monteur fan de Lancaster, dy't yn 1942 dêr delstoarte wie. Frou Sytema en har man Marten ha trije dagen mei Eric Booth omriden, mar se koene it krekte plak net fine. Se wiene ûnder oare op syk nei in brechje.
Booth wie, foar it fleantúch delstoarte, sprongen. Hy hie syn parasjute ferstoppe ûnder in brechje en wie doe nei in pleats rûn. De boer en boerinne wisten net wat se der mei oan moasten en besleaten him úteinlik dochs mar oan te jaan. Eric Booth waard opsletten op it plysjeburo fan Drachten. Ek dat plysjeburo koene se net weromfine. Op de lêste jûn foar't Eric Booth werom nei hûs moast, hy wie nei de oarloch nei Australië emigrearre, troffen se in man dy't har alles fertelle koe oer de delstoarte Lancaster.
Twa jier letter kaam Booth werom en makke hy de tocht dy't hy dy nacht makke yn de Alde Feanen opnij. De famylje Booth en de famylje Sytema hâlde sûnt dy tiid kontakt.
It ynterview mei de Sytema's is op de programmaside fan Buro de Vries werom te finen.