DNA-test moat útwize oft wolf skiep deabiten hat

15 apr 2018 - 11:29

Allinnich in DNA-test kin útwize oft in pear skiep by Boyl deabiten binne troch in wolf. Dat seit de provinsje. De skiep binne freedtenacht deabiten en sneontemoarn waard der in bist dat op in wolf like, sinjalearre by Appelskea. Dat plak leit net fier fan Boyl ôf. By de skiep is materiaal ôfnommen om DNA-ûndersyk te dwaan. De útslach dêrfan wurdt begjin maaie ferwachte. Giet it yndied om in wolf, dan soe it foar it earst yn lange tiid wêze dat der in wolf yn Fryslân sinjalearre is.

De provinsje Fryslân hannelet mei it ûndersyk neffens in saneamd wolveprotokol, dat mei de oare provinsjes yn Nederlân opsteld is. De wolf is in beskerme bist. Yn desimber-jannewaris hat der ek al in wolf flakby Fryslân west, seit de provinsje. Dizze hie in stjoerderke en sa die bliken dat er by Meppel nei it suden, oant yn België, gien is. Neffens de provinsje komme wolven meastentiids net by minsken yn de buert. Bart dit wol, dan wurdt advisearre se gewurde te litten.

(advertinsje)