Omrop TIP: PietCast #11 Simmertonger yn april

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Yn de nijste ôflevering stean de maitiid en it klimaat sintraal.
Mar Piet sjocht earst mei Wim noch efkes werom op de iiswike. Dan gean we op nei de maitiid fan no, dy is op dit stuit útsûnderlik waarm! Fierders giet it oer Sahara-sân, de doarpsmûne fan Hjerbeam, oer houtkachels en oer de hegesnelheidstrein. Lêste berjochten binne dat sa'n trein like fersmoargjend is as in fleantúch. Neffens Piet moatte we de holle koel hâlde en prioriteiten stelle.

De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.