Holwerter slim ferwûne by ûngelok Ternaard, tsjûgen socht

15 apr 2018 - 09:08

In automobilist út Holwert is sneontemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Holwerterdyk yn Ternaard. De auto fan de 33-jierrige man botste troch noch ûnbekende oarsaak frontaal tsjin de auto fan in 26-jierrige frou út Eanjum. Sy siet mei har bern fan 3 en 1 jier yn de auto. Alle belutsenen binne oerbrocht nei it sikehûs. De man is der slim oan ta, it is net dúdlik hoe't it mei de frou en har berntsjes is.

De brânwacht en trije ambulânsen hawwe help ferliend by it ûngelok. De traumahelikopter wie ek oproppen. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch ûndúdlik. De plysje is op syk nei tsjûgen. Nei in oprop op sosjale media hat him ien tsjûge melden, seit de plysje.

(advertinsje)