Betize Drachtster wol feestje buorlju mei messen fersteure

15 apr 2018 - 08:16

De plysje hat sneontejûn in betize man oanhâlden yn syn wenning oan de Stelpswyk yn Drachten. De 34-jierrige man hie syn buorlju bedrige. Dy hiene in feestje pland, mar de Drachtster woe dat mei messen fersteure. Yn syn wenning binne meardere messen yn beslach naam.

De man is foar ferhear oerbrocht nei it plysjeburo yn Ljouwert. Der is oanjefte fan bedriging dien tsjin de Drachtster. De plysje hat psychyske help foar de fertochte ynskeakele.

(advertinsje)