Streppel nei winst op VVV-Venlo: "Een terechte overwinning"

14 apr 2018 - 23:27

SC Hearrenfean wie sneontejûn te sterk foar VVV-Venlo. Yn stadion De Koel waard it 2-0 foar de ploech fan trainer Jurgen Streppel. In terjochte oerwinning? "Uiteindelijk wel", fûn de coach.

Streppel wie benammen oer it begjin fan de wedstriid tefreden. "Ik vond de eerste helft dat we bij vlagen echt mooie aanvallen hebben laten zien. De tweede helft was een stuk minder tot aan de 0-1 en toen waren we denk ik wel dominant. Een terechte overwinning." Dochs seach Streppel ek romte foar ferbettering. "Ik denk dat we beter kunnen, maar we hebben vandaag naar onze kwaliteiten gespeeld."

Streppel seach ek fêst foarút. Tiisdei is ADO Den Haag, konkurrint yn de striid om in ticket foar de play-offs, yn it eigen Abe Lenstra Stadion de tsjinstanner. "Dat is wel een belangrijke wedstrijd. De winnaar doet geweldige zaken. Een mooie kraker waar we naar uitkijken."

(advertinsje)