Skûtsje Wylde Wytse wint earste wedstriid wettersportseizoen

14 apr 2018 - 22:54

Skipper Sikke Heerschop hat sneontemiddei mei skûtsje Wylde Wytse de earste wedstriid fan it wettersportseizoen wûn. Op wetter fan Langwar wie er yn de A-klasse ûnder oare De Zes Gebroeders fan Klaas Kuperus en Waaksdom fan Ulbe Zwaga, de nûmers twa en trije, te fluch ôf. Snein wurdt der fierder syld.

(advertinsje)