Alvestêdebetwingers krije brevet út hannen kommissaris Brok

14 apr 2018 - 22:03

Op it provinsjehûs yn Ljouwert waarden freed 29 minsken yn it sintsje set. Sy krigen nammentlik in Alvestêdebrevet omdat se de 'Tocht der Tochten' op redens, fyts én kuierskuon ôfwurke hawwe. Ut hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok en foarsitters Wiebe Wieling (reedrydtocht), Stephan Rekker (fytstocht) en Tom Yntema (kuiertocht) krigen de Alvestêdebetwingers de oarkonde.

It wie de earste kear dat Brok de brevetten útrikte. De kommissaris omskreau de Alvestêdesporters as "ambassadeurs fan de provinsje."

Trefwurden: 
Alvestêdetocht brevet
(advertinsje)