SC Hearrenfean wint troch goals nei it skoft fan VVV-Venlo

14 apr 2018 - 21:48

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn de striid om in ticket foar de play-offs goede saken dien troch te winnen fan VVV-Venlo. Troch doelpunten fan Reza Ghoochannejhad en ynfaller Nemanja Mihajlović wûn de ploech fan trainer Jurgen Streppel mei 2-0 fan de Venloërs.

De earste kâns fan Hearrenfean kaam fan de foet fan Marco Rojas. De Nij-Seelanner skeat nei tsien minuten spyljen de bal krekt njonken de goal fan keeper Lars Unnerstall. Fiif minuten letter die Denzel Dumfries itselde. Hearrenfean hie it oerwicht, krige de wat skoaringsmooglikheden, mar seach VVV-Venlo healwei de earste helte de grutste kâns krijen.

Skiedsrjochter Dennis Higler wiisde nei in lichte oertreding fan Pelle van Amersfoort op Lennart Thy nei de stip. Clint Leemans gie efter de bal stean, mar doelman Martin Hansen kearde de ynset fan de middenfjilder fan VVV-Venlo.

Doelpunten

Hearrenfean kaam tweintich minuten foar it ein fan de wedstriid op foarsprong. Ut in foarset fan Jordy Bruijn brocht spits Ghoochannejhad syn ploech oan de lieding. Tsien minuten letter beslisse Mihajlović de wedstriid. Mei in skot yn de koarte hoeke stelde hy de oerwinning en dus de trije punten feilich.

VVV-Venlo - SC Hearrenfean 0-2 (0-0). 69. Reza Ghoochannejhad 0-1, 79. Nemanja Mihajlović 0-2. Bysûnderheid: 27. Clint Leemans mist strafskop. Giele kaarten: Leemans, Vito van Crooij (VVV-Venlo), Bulthuis (SC Hearrenfean). Skiedsrjochter: Dennis Higler.

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Bulthuis, Pierie; Bruijn (71. Vlap), Van Amersfoort, Kobayashi; Rojas (70. Doke Schmidt), Ghoochannejhad, Zeneli (71. Mihajlović).

(advertinsje)