'Gjin ekstra jild nei Omrop'

02 nov 2011 - 13:19

Deputearre Jannewietske de Vries sjocht twa euroton ekstra foar de dramasearje fan Omrop Fryslân net sitten. Dat moat út regulier jild betelle wurde. De FNP hie hjir om frege om't de dramasearje oars troch de provinsjale besunigings by Omrop Fryslan faai komt te stean.

Ek it nei foaren heljen fan de tydlike subsydzje fan 2013 nei 2012 sjocht de deputearre net sitten. 'Dan komt de Omrop yn 2013 mei in grutter finansjeel gat te sitten', seit se.

(advertinsje)