Snits Wyt Swart yn Assen ûnderút tsjin Achilles 1894

14 apr 2018 - 21:34

Snits Wyt Swart is der sneontejûn net yn slagge in goed resultaat tsjin Achilles 1894 te beheljen. De ploech fan trainer Germ de Jong gie yn Assen mei 2-0 ûnderút.

Nei in lyts kertier spyljen kaam Snits Wyt Swart op efterstân troch in goal fan Ids Hannema. Healwei de earste helte krige Snits Wyt Swart syn earste kâns fan de wedstriid. It skot fan Wesley Tankink gie spitigernôch foar de Snitsers oer de goal fan Morten Otto.

Yn de twadde helte krige de thúsklup kâns nei kâns, mar bleau in twadde Asser goal út. Snits Wyt Swart gie op jacht nei de lykmakker en krige tweintich minuten nei it skoft in goede kâns, mar topscorer Gerben Visser skeat de bal in meter oer. Dêrnei wie it oan de oare kant wol raak. Jean Pierre N'Gouan beslisse mei in yndividuele aksje de wedstriid.

Folgjende wike giet Snits Wyt Swart op besite by Hollandia.

Achilles 1894 - Snits Wyt Swart: 13. Ids Hannema 1-0, 83. Jean Pierre N'Gouan 2-0.

(advertinsje)