Twa auto's botse op elkoar by Ternaard; ien persoan ferwûne

14 apr 2018 - 18:46

Op de Holwerterdyk yn Ternaard hat sneontemiddei in ferkearsûngelok west. Twa auto's binne op de dyk tusken Holwert en Ternaard op elkoar botst. By it ûngelok wiene fjouwer persoanen belutsen. Ien fan harren rekke ferwûne en is troch in ambulânse nei it sikehûs brocht. De trije oaren, in frou en twa bern, binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

De brânwacht en trije ambulânses hawwe help ferliend. De traumahelikopter wie ek oproppen. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch ûndúdlik. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Holwerterdyk auto-ûngelok
(advertinsje)