FIDEO: Rint der in wolf troch de fjilden fan Appelskea?

14 apr 2018 - 17:20

It liket derop dat de wolf ek Fryslân berikt hat. Yn Appelskea seach Sanne Graafstra sneontemoarn in bist rinnen en belle dêrnei fuortendaliks har heit. Anne Graafstra is der op ôfgien en hat it bist filme. Neffens Graafstra like it bist bot op in wolf en neffens him sizze saakkundigen dat ek.

Freedtenacht binne yn Boyl 3 skiep deabiten. Dat is net fier fan Appelskea ôf. Neffens Graafstra kin it samar wêze dat dizze wolf dêr ferantwurdlik foar is.

Yn oare parten fan Nederlân is de wolf al earder sinjalearre mar foar Fryslân soe it de earste kear west hawwe. Graafstra krige nei syn berjocht op Facebook mei syn filmke fia fia reaksjes dat de wolf ek yn ûnder oare de Fochteloërfean sjoen is.

Trefwurden: 
wolf Appelskea
(advertinsje)