Ynfaller Werumeus Buning besoarget ONS Snits punt tsjin ACV

14 apr 2018 - 16:52

ONS Snits hat sneontemiddei op it nipperke noch in punt pakt op besite by ACV. Ynfaller Rein Werumeus Buning wie de rêdende ingel foar de ploech fan trainer Chris de Wagt, troch yn de lêste minút foar de lykmakker te soargjen. It duel yn Assen einige yn 2-2.

It earste gefaar yn de wedstriid kaam fan de foet fan Fabian Stevens. De middenfjilder fan ONS Snits skeat nei in kertier de bal krekt njonken de goal fan Ben Wormmeester. Tweintich minuten letter kamen de Snitsers dochs op foarsprong. Nei in rappe omskeakeling wie it topscorer Curty Gonzales dy't syn ploech oan de lieding brocht, syn fyftjinde fan it seizoen.

Lykmakker

In lytse tsien minuten nei it skoft kaam ACV wer op likense hichte. In frije traap fan Pascal Huser wie ONS Snits-keeper Barry Ditewig te machtich. Tweintich minuten letter wie it opnij Huser dy't út in frije traap Ditewig ferrifele en dêrmei ACV oan de lieding brocht. It seach dernei út dat ONS Snits mei in nederlaach fan it fjild stappe soe, mar yn de lêste minút wie it Werumeus Buning dy't derfoar soarge dat syn ploech dochs noch in punt pakte.

Fryske derby

Folgjende wike spilet ONS Snits tsjin Harkemase Boys. De ôftraap fan de Fryske derby is om 16.30 oere yn Snits.

ACV - ONS Snits 2-2 (0-1). 36. Curty Gonzales 0-1, 53. Pascal Huser 1-1, 72. Huser 2-1, 90. Rein Werumeus Buning 2-2.

Trefwurden: 
ACV ONS Snits fuotbal
(advertinsje)