'Hattrickheld' Bouius sjit Harkemase Boys lâns Spijkenisse

14 apr 2018 - 16:37
  • Gearfetting Harkemase Boys - Spijkenisse (3-1)
  • Henny Bouius fan Harkemase Boys
  • Trainer Henk Herder fan Harkemase Boys

Harkemase Boys hat sneontemiddei yn eigen hûs goede saken dien troch te winnen fan Spijkenisse. Trije goals fan Henny Bouius soargen derfoar dat de ploech fan trainer Henk Herder mei in oerwinning fan it fjild stapten. It waard 3-1 op sportpark De Bosk.

Healwei de earste helte kaam Harkemase Boys op foarsprong. Kevin Mennega slingere de bal foar en by de twadde peal kopte Bouius de bal efter doelman Dyron Bijl fan Spijkenisse. In lyts kertier letter ferdûbele de thúsklup de skoare. Ut in foarset fan Jesse Renken wurke opnij Bouius de bal binnen.

Offisjeuze hattrick

Spijkenisse gie yn de twadde helte mear risiko nimmen om dochs noch in goed resultaat te beheljen, mar krige goed tsien minuten nei it skoft in tredde treffer om de earen. Keeper Bijl koe in foarset fan Pier Veldman net goed ferwurkje, wêrnei't Bouius der as de piken by wie om syn tredde fan de middei te meitsjen.

In pear minuten nei Bouius' offisjeuze hattrick brocht ynfaller Rephendry Amsterdam fan Spijkenisse mei in rake kopbal de spanning wer wat werom. In kertier foar tiid besocht Sven Mijmans Erick Jansema te ferrifeljen, mar de keeper fan Harkemase Boys kearde it skot. De thúsklup krige dêrnei noch kânsen de skoare fierder út te wreidzjen, mar doelpunten foelen der net mear, wêrtroch't it op De Harkema úteinlik by 3-1 bleau.

Fryske derby

Folgjende wike spilet Harkemase Boys tsjin ONS Snits. De ôftraap fan de Fryske derby is om 16.30 oere yn Snits.

Harkemase Boys - Spijkenisse 3-1 (2-0). 21. Henny Bouius 1-0, 35. Bouius 2-0, 58. Bouius 3-0, 64. Rephendry Amsterdam 3-1.

(advertinsje)