Takomst Amelanner Keunstmoanne stiet op losse skroeven

14 apr 2018 - 15:03

De takomst fan de Keunstmoanne op It Amelân is ûnwis. De provinsje stelt foar de edysje fan 2019 gjin subsydzje beskikber. Sûnder dy subsydzje fan 25.000 euro is it foar de organisaasje dreech om it evenemint op tou te setten.

Om dochs in ferfolch oan de Keunstmoanne jaan te kinnen, wurdt ûnder oare de eilanner middenstân frege om de begrutting slutend te krijen.

De Keunstmoanne wurdt yn novimber dit jier foar de 21e kear organisearre. Oer it hiele eilân binne keunstútstallings. De Keunstmoanne is doedestiids yn it libben roppen om it toeristeseizoen op It Amelân te ferlingjen.

Trefwurden: 
Keunstmoanne
(advertinsje)
(advertinsje)