Friezen en Grinslanners protestearje by boarlokaasje NAM

14 apr 2018 - 14:28

Goed hûndert Friezen en Grinslanners hawwe sneon protestearre by de boarlokaasje fan de NAM by Warfstermûne/Pitersyl. De NAM hat oankundige op dizze lokaasje te fracken. Dit is in metoade fan hydraulysk kreakjen mei gemikaliën, om út de djippere grûnlagen gas helje te kinnen. Omwenners binne bot tsjin op de plannen. Se binne benaud foar nije ierdbevingen.

Neffens minister Wiebes is dizze wize fan gaswinning wol feilich. De NAM mei it fracken by dizze lokaasje oant 2025 útfiere. Freed wie der yn de provinsje Grinslân by Garsthuizen in beving fan 2,8 op de skaal fan Richter. Dizze wike waard ek bekend dat de NAM by Blije fracke wol.

(advertinsje)