Meunsterfytstocht troch Noarwegen foar Fryske hertsykte

© ANP
Tsien kardiologen út Nederlân stappe dizze simmer op de fyts foar in meunstertocht fan 543 kilometer yn Noarwegen. Dat dogge se om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei de fan oarsprong Fryske genetyske hertspiersykte PLN. Dy sykte moat om de 14e iuw hinne yn Fryslân ûntstien wêze, nei alle gedachten by de famylje Albeda.
De sykte is by sa'n 1000 minsken fêststeld, mar de kardiologen tinke dat folle mear minsken yn Fryslân en dêrbûten dizze hertôfwiking hawwe. Minsken mei de oandwaning hawwe earnstich hertfalen of kinne hommels ferstjerre.