Sprekoererjochter krijt gjin ferfolch, mediators teloarsteld
Bemiddelers fan de Nederlânske Mediatorsferiening regio Noard-Nederlân binne bot teloarsteld dat it suksesfolle eksperimint fan de sprekoererjochter gjin ferfolch krijt. Dat skriuwt de feriening yn in brief oan rjochtbankpresidint Maria van de Schepop.
Yn it eksperimint, dat 1,5 jier lang holden is, binne 55 saken op sprekoere behannele. By 80 prosint fan de saken waard skikt. Benammen de behannelingssnelheid en de legere kosten wiene in sukses. De mediators dogge no in twingend berop op de rjochtbank Noard-Nederlân om it eksperimint troch te setten.