Kollum: "Klupminsken, binne se der noch?"

14 apr 2018 - 08:26

"Hjoed wol ik it oer klupminsken ha. Yn de tsjintwurdige tiid binne dy der net in soad mear, want as it gers by buorman griener is, hippe de measte sporters, want dêr ha ik it oer, samar fan de iene nei de oare baas. It giet om jild, noch mear as om de sportive karriêre. As je yn de twadde difyzje yn Ingelân mear barre kinne, as op it heechste plan yn Nederlân, kieze de measte fuotballers dochs foar de sinten. Dat is harren goed rjocht fansels. Mar echte klupminsken sprekke ta de ferbylding.

Ik sil jim in pear fuotbalfoarbylden jaan. Sjaak Swart. Altyd foar Ajax spile. Giuseppe Bergomi, it ienmans destruksjebedriuw yn de ferdigening fan Inter Milaan. Lev Yashin of wol De Swarte Panter, foar in soad minsken de bêste keeper ea. Hy hie ek mar ien klup, Dynamo Moskou. Sa binne der noch wol in pear, sels yn it fuotbalwalhalla Ingelân ha je breafuotballers lykas Rian Giggs, Tony Adams en Matt Le Tissier, dy't altyd by deselde klup bleaun binne. By de supporters ha dizze spilers faak in streekje foar.

Foar it moaiste foarbyld yn it fuotbal moat je hast wol yn Dútslân wêze. Thomas Schaaf sil by jim net daliks in belle rinkelje litte, mar yn Bremen is dat oars. Schaaf spile fan 1979 oant 1995 foar Werder Bremen en nei syn karriêre as spiler is er dêr ek haadtrainer wurden en hat it yn dy baan 14 jier folholden. Dus 44 jier foar deselde baas wurke yn de flechtige wrâld fan it fuotbal, kom dêr mar ris om.

Hielendal bysûnder is it ferhaal fan de broers Henrik en Daniel Sedin. De kâns is grut dat jim noch nea fan dizze beide Sweden heard ha, mar dochs binne it ikoanen yn de sport dy't se bedriuwe. Of bedreaunen moat ik sizze, want se ha dizze wike ôfskied naam. Henrik en Daniel Sedin binne beiden berne op 26 septimber 1980. Dat is net sa frjemd, want it is in ienaaiïge twilling. Se lykje sa sprekend op elkoar, dat de manager fan harren klup der soms muoite mei hie om se út elkoar te hâlden.

Sa as in soad Sweden begûnen de jonges op jonge leeftiid mei iishockey. By deselde lokale klup. Henrik as center en Daniel as winger. Yn 1999 waarden tegearre se nei de grutste hockeykompetysje fan de wrâld helle. Vancouver waard harren nije wenplak. Dêr groeiden de broers út ta boechbylden fan de Vancouver Canucks. Se kombinearren in geweldige wurklust mei in fabeleftich gefoel om elkoar op it iis te finen. Se foarmen mei wikseljende spilers achttjin jier lang de earste oanfalsline fan de Canucks.

Achttjin jier is yn de NHL in hiel lang skoft. De reguliere kompetysje is dêr in kear as wat langer as de gemiddelde fuotbalkompetysje, nammentlik 82 wedstriden. Dêrnei komme de play-offs noch in kear. De broers binne harren hiele karriêre tegearre bleaun. Se foarmen al dy jierren it hert fan in team dat in kear hiel ticht by de haadpriis west hat, mar Boston wie harren krekt te machtich. Sa sille Henrik en Daniel Sedin de boeken yn gean as miskien wol sawat de bêste spilers ea dy't gjin Stanley Cup wûn ha. Dochs ha se de klasse hân om net in pear jier nei ien fan de topteams fan de NHL te gean om dêr mear kâns op dy trofee te meitsjen. Se bleaunen harren loyale wurkjouwer trou.

Klupminsken, ik hâld der fan."

(advertinsje)