Akkrum feroaret yn it New York fan 1896

13 apr 2018 - 23:54

Akkrum giet dizze simmer werom yn de tiid en feroaret yn it New York fan 1896. Yn dat jier boude de âld-Akkrumer Frank Cooper it grutste warehûs yn dy Amerikaanske stêd. Dêr binne se yn Akkrum grutsk op en dêrom bouwe se dat warehûs op skaal nei yn it sintrum fan it doarp.

Hûnderten frijwilligers stekke harren yn de klean fan doe om de belibbing echt te meitsjen. Freed waard it bouboerd ûntbleate en koene de frijwilligers al efkes proefdraaie. It gebou moat klear wêze foar 9 juny. Dan sil Akkrum foar it earst werom yn de tiid.

Trefwurden: 
Akkrum Frank Cooper
(advertinsje)