Drachtster Boys begjint play-offs mei winst nei strafskoppen

© twitter @DFTda1
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys binne de play-offs goed begûn. Thús tsjin FC Gelre bleau it 2-2, mar nei strafskoppen wûnen de Drachtsters.
Hannen fol
Yn de earste helte gie it hinne en wer. De keepsters hiene de hannen fol, mar it duorre lang foardat de earste goal makke wie. Uteinlik wie it Roosmarijn Hendriks dy't de skoare iepene foar FC Gelre.
Gelikense hichte en verlinging
Betiid yn de twadde helte brocht Anita Vellema de Drachtsters op gelikense hichte. Fiif minuten letter skoarde Jessie Prijs sels de 2-1 út in rebound. Gelre kaam wol werom. Iris Thus skode de bal kreas yn de hoeke: 2-2. It slagge beide teams net om noch in kear te skoaren, en dus kaam it oan op ferlinging. Ek dêryn waard net skoard.
Strafskoppen
In strafskoppe-searje moast dêrom foar de beslissing soargje. De Drachtsters namen de strafskoppen better, en begjinne dêrom de play-offs mei in oerwinning.
Play-offs
Yn de play-offs giet it derom wa't it earst twa wedstriden wint. De twadde wedstriid tusken beide teams is takom wike yn Doetinchem.