Gjin Fryske orkesten kampioen op earste dei ONFK

Melodia út Wikel
Op de earste dei fan de Open Nederlands Fanfare Kampioenschappen wienen freed yn De Lawei gjin Fryske kampioenen yn de fjirde en fiifde difyzje.
De fjouwer orkesten dy't yn de fiifde difyzje op it poadium kamen spilen it wurk Grounds fan de op It Hearrenfean berne komponist Jacob de Haan. Nil Sine Labore út it Grinzer Boerakker waard kampioen. Bêste Fryske orkest waard CMV Advendo fan Moarre-Ljussens ûnder lieding fan Thom Zigterman. Dat orkest waard twadde.
Yn de fjirde difyzje spilen njoggen orkesten. Krekt as yn de fiifde difyzje waard in Grinzer orkest kampioen: MV Sereno út Baflo. Melodia fan Wikel wie de bêste Fryske fanfare. Sy hellen ûnder lieding fan Jeanette Valkema 90 fan de 100 punten en dat wie goed foar in twadde plak. Tredde waard CMV Concordia út Drachten ûnder lieding fan Durk Krol.
Sneon 14 april binne de trije oare difyzjes oan bar. Alles is te folgjen fan 9:40 ôf fia de livestream op ús webside of fia de Omrop-app. Om 10:00 oere earst de tredde difyzje, folge troch de fanfaren yn de twadde difyzje (14.00) en as lêste de striid om de prizen yn de earste difyzje (19.00).