Baliakin pakt yn Harns nasjonale titel damjen

Alexander Baliakin (rjochts) © Stifting WFD
Alexander Baliakin is freed nei in spannende lêste dei yn Harns Nederlânsk kampioen damjen wurden.
Baliakin en Roel Boomstra stienen nei de alve omgongen presys gelyk. In barraazje moast foar de beslissing soargje. Dêryn einige de earste partij yn remize. Yn de twadde pakte Baliakin in plusremize en dat smiet him de titel op. Titelferdigener Martijn van IJzendoorn, dy't de dei noch as koprinner begûn, waard úteinlik tredde.
By it earste offisjele Iepen NK Frysk damjen pakte Folkert Groenveld de titel. Yn de finale tsjin Marten Walinga wûn Groenveld beide partijen. Hein de Vries waard tredde, Kees Tijssen fjirde.
Organisator Marten Walinga is tige tefreden oer it ferrin fan de wike. Hy hopet dat de primeur fan de gearwurking tusken it Fryske damjen en it ynternasjonaal damjen in goed ferfolch krijt, takom jier yn Ljouwert.