Hein Mader (86) ferstoarn

02 nov 2011 - 13:26

Keunstner Hein Mader út Tsjeintgum by Mantgum is moandei ferstoarn. Hy wie byldhouwer en makke metershege bylden fan stiel en stien. Mader is berne yn 1925 yn Eastenryk en kaam yn 1989 nei Fryslân. Mader hat skoften dwaande west om in byldetún mei syn wurk te realisearjen. Der wiene ûnder oare plannen foar sa'n tún op It Amelân en by Menaam. Mar dy binne der nea kaam. Mader is 86 jier wurden.

(advertinsje)