Riedsleden geane troch mei ferset tsjin útsetbelied

Gemeenteriedsleden fan Tytsjerksteradiel en Ljouwert holden freedtejûn yn Burgum in stil protest tsjin it útsetten fan in Afgaanske famylje út it azc yn Burgum. Se binne lilk omdat yn beide gemeenten earder in moasje oannaam waard wêryn't de minister frege is om it útsetbelied út te stellen fanwege it gefaar yn Afganistan.
De dielnimmers rûnen hân yn hân troch it doarp en hienen buorden mei mei teksten as 'Don't send Afghans back'. Ien fan de oanwêzigen wei GrienLinks-riedslid Brigitte Scheepsma fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Sy hearde it nijs oer de útsetting freedtemoarn fan Maedeh Rahimi, dy't op it azc wennet. As riedslid fielt Scheepsma har machteleas tsjin de beslissings fan de Nederlânske oerheid, mar se bliuwt striidber.
Foar Maedeh wie it in swiere dei, om't sy sels ek út Afganistan komt. Foar har, har âlders en har suske kin dit ek alle dagen gebeure. Dochs hellet ek sy krêft út it stille protest. "Het is mooi om te zien dat we niet alleen staan in deze strijd. Afghanistan is echt niet veilig."
Scheepsma giet yn gearwurking mei de oare dielnimmers oan de demonstraasje troch mei it ferset tsjin it útsetbelied.