Play-offs wer tichteby foar Cambuur nei fjirde winst op rige

Sportklup Cambuur hat foar de fjirde kear op rige wûn. Op besite by FC Dordrecht wienen de Ljouwerters mei 3-0 te sterk. Daniel Crowley soarge al betiid foar de 1-0. Martijn Barto, dy't de ôfrûne twa wedstriden miste mei in blessuere, wie yn de twadde helte de grutte man mei twa goals.
Goed begjin
Nei tsien minuten sûnder echte mooglikheden, wie it by de earste kâns foar Cambuur direkt raak. Middenfjilder Daniel Crowley krige wat romte op it middenfjild en skeat op moaie wize fan tweintich meter ôf de 1-0 binnen.
In pear minuten letter krige de thúsploech har earste kâns. Jafar Arias koe fan in foarset gjin goal meitsje.
Yn de lêste minút fan de earste helte krige Xander Houtkoop dé kâns op de 2-0. Nei in foarset fan Jordy van Deelen skeat er lykwols neist.
Betiid yn de twadde helte hie Denis Mahmudov de lykmakker op de skoech. Each yn each mei Cummins miste er de goal op in pear sintimeter.
Barto wer werom
Dêrnei liet Martijn Barto wer syn wearde sjen. De spits hie twa wedstriden mist om't er lêst fan 'e rêch hie, mar freed wie er der wer by. Nei in moaie oanfal fia Houtkoop en Schils skeat Barto de 2-0 tsjin de touwen.
In minút letter wie it sels hast 3-0. Houtkoop skeat krekt neist. Dêrnei wie Mahmudov op 'e nij ticht by in goal foar Dordrecht. Hy gie wer allinnich op Cummins ôf. Diskear rekke Mahmudov de peal.
De beslissing
Mei noch in lyts kertier te spyljen soarge Barto foar de beslissing. Crowley like de bal te ferspyljen yn it strafskopgebiet fan Dordrecht, mar Barto stie wer op it goede plak. Hy makke syn twadde goal fan 'e wedstriid.
Sa pakt de ploech fan René Hake trije fertsjinne punten yn Dordrecht en dat is de fjirde oerwinning op rige foar de Ljouwerters. De play-offs komme dêrmei hieltyd tichteby.
FC Dordrecht - SC Cambuur 0-3 (0-1) 13. Daniel Crowley 0-1, 53. Martijn Barto 0-2, 78. Martijn Barto 0-3
Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Sai van Wermeskerken (80/Cody Claver); Mathias Schils, Daniel Crowley, Daan Boerlage; Xander Houtkoop (76/Justin Mathieu), Martijn Barto (80/Issa Kallon), Kevin van Kippersluis