Froulju sc Hearrenfean nei heale finale beker

© twitter @vrouwen_sch
De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe harren freed pleatst foar de heale finale fan beker. Yn de kwartfinale wûnen de Feansters mei 2-4 by Achilles'29.
Al by it skoft wie it 0-2 yn Groesbeek. Fenna Kalma wie mei in frije traap ticht by de iepeningstreffer, mar dy foel úteinlik nei in lyts healoerke troch Laura Strik. In pear minuten foar it skoft makke Tiny Hoekstra de 0-2.
Twadde helte
Yn de twadde helte rûn Hearrenfean fierder út. Krekt nei't Achilles mei tsien froulju fierder moast, soarge jeugdynternasjonal Kalma foar de 0-3. Nathalie van der Heuvel makke der sels 0-4 fan. Achilles'29 die noch wol wat werom: Yvette Derks skeat raak út in penalty en yn de blessueretiid makke Sophie Cobussen de 2-4.
Fierder liet Hearrenfean it net komme en dus pleatse de Feanster froulju harren foar de heale finale.
De oare heale finalisten
De froulju fan Ajax en PSV spylje ek yn de heale finale. Sneon wurdt de lêste heale finalist bekendmakke yn de wedstriid tusken Jong Alkmaar en CTO Einhoven.