Grousters wolle gjin farwei troch De Burd

13 apr 2018 - 21:12

In soad ferset freedtemiddei yn Grou op in ynformaasjegearkomste fan de provinsje oer plannen foar ferbettering fan de farwei nei Drachten. Yn de plannen dy't der no lizze wurdt ûnder oare neitocht oer in nije farwei troch lânbougebiet de Hege Warren en rekreaasje- en natuergebiet De Burd by Grou. De farwei moat tsjinje as ferbining tusken it Prinses Margrietkanaal en Drachten en dan benammen nei it Drachtster yndustrygebiet De Haven.

It grutste part fan de lytse hûndert oanwêzigen út en rûnom Grou binne poer tsjin op de fariant troch De Burd. Se binne bang foar oantaasting fan de natuer en gefaar foar it rekreaasjeferkear. De measten fine de farwei hielendal net nedich en ek fiersten te djûr.

Sonja Busch, projektlieder fan de provinsje Fryslân, sei nei ôfrin dat se bliid is mei de ynbring fan de Grousters. Se sil dy ynbring meinimme yn it foarstel dat aansens nei de steaten giet. De steaten nimme op 20 juny in beslút oer it ferfolch fan de plannen yn it ramt fan de provinsjale fyzje op de farwegen. It kin wêze dat de besprutsen fariant dan fan tafel giet. Sa net, dan folget der noch in trajekt fan sa'n twa jier foardat in beslút oer de farwegen naam wurdt.

(advertinsje)