FNP-moasje foar mear bioferskaat en earliker lean oannommen

13 apr 2018 - 20:32

De moasje fan de FNP foar mear bioferskaat en earlik lean foar de boeren yn it nije Europeesk lânboubelied is unanym oannommen. Dat barde op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Dútslân. De EFA is in alliânsje fan 40 regionale demokratyske partijen út mear as tsien lidsteaten fan de Europeeske Uny. De Europarlemintariërs fan de EFA kinne no mei de moasje oan de slach.

De FNP wol mei de moasje wurk meitsje fan natuerynklusive lânbou. Dat is lânbou mei ûnder oaren omtinken foar bioferskaat yn it lânskip en in goed en earlik ynkommen foar de boeren.

Trefwurden: 
FNP bioferskaat lânboubelied
(advertinsje)