Omtzigt wol omtinken fan LF2018 oan "tsjustere susterstêd"

16 apr 2018 - 06:01

Ljouwert en Fryslân moatte dit jier by alle kulturele útwikselings mei Malta yn it ramt fan de kulturele haadstêd ek omtinken jaan oan de tsjustere kanten fan Malta. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt. Moandei in heal jier lyn waard op Malta de bekende sjoernaliste Daphne Caruana Galizia opblaasd mei in autobom. Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga frege yn syn fers 'De opblaasde dei' al omtinken foar dizze oanslach. De Ingelske oersetting fan dit fers krijt op it eilân Malta positive kritiken, ek fan de famylje fan Caruana Galizia.

Oanslach op de parsefrijheid

Omtzigt is wiis mei de aksje fan Hettinga, mar fynt ek dat de kulturele haadstêd sels en de bestjoerders fan Fryslân wol wat mear oandacht jaan meie oan de oanslach op de parsefrijheid. Daphne Caruana Galizia publisearre in soad oer korrupsje op Malta op har eigen blog en wie ek foar de oanslach al ferskate kearen bedrige. Pieter Omtzigt naam as lid fan de Ried fan Europa it inisjatyf ta ynternasjonaal ûndersyk nei de oanslach op de sjoernaliste. Neffens him is der in soad korrupsje op Malta en is it foar justysje op it eilân dreech om folslein ûnôfhinklik ûndersyk te dwaan. Omdat Malta lid is fan de Europeeske Uny en diel útmakket fan de Schengensône is it wichtich om dêr bliuwend oandacht foar te hawwen en ek druk út te oefenjen op Malta, fynt Omtzigt.

Kontakt Malta en Fryslân

Omdat haadstêd Valletta fan Malta en Ljouwert dit jier beide Kulturele Haadstêd fan Europa binne is der dit jier in soad kontakt tusken Malta en Fryslân op it mêd fan hannel en kultuer. Omtzigt fynt dat Kulturele Haadstêd Ljouwert en Fryslân dy freonskiplike kontakten brûke moatte om ek it tema parsefrijheid oan de oarder te stellen. Ek mei in ferklearring fan Fryske bestjoerders oer de situaasje op Malta soe Omtzigt wiis wêze. "Juist als je zo goed bevriend bent, moet je ook moeilijke zaken aan de orde kunnen stellen." Omtzigt hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert al frege om mei in ferklearring te kommen. Dy sille dêr dizze wike oer prate.

'De opblaasde dei' fan Eeltsje Hettinga

'There are crooks everywhere you look now,
the situation is desperate.' Sjoernaliste
Daphne Caruana Galizia (1964-2017), fermoarde,
net fier fan Valletta, Ljouwert's tsjustere susterstêd.

Under in moanne folgroeid en wyt
as in útsinnich wylde jirpel,

sit in man, heal yn it tsjuster,
allinnich, smokend op syn waranda,

de flier besiedde mei reklame,
kranten en folders oer timpels en

stêden en hotels mei fiif stjerren.
Mar faai is it nijs, dat dreaun troch

bline deamasines, it eilân
syn wytkalke grêven bleatlei.

Ien inkelde bom blies in auto
beneistenby de bergen oer, swart-

ferbrând wie de tonge dy't Malta's
maffia it fjoer oan 'e skinen lei.

Jirpelpûden klapten as roeken
de heuvels oer, beboud mei bergen

Biltske setters. Do, wês wach, Watse,
yn Europa's nacht. Yn it dal fan

de dea stuts men it wurd yn brân,
sa't men oait boeken de flammen yn treau.

(advertinsje)