Sjinkie Knegt sil autocrosse as ûntspanning

13 apr 2018 - 18:43

Sjinkie Knegt docht dit seizoen mei oan it NK autocross foar toerauto's. De shorttracker út Bantegea is fan plan om der by alle seis wedstriden dy't op it programma stean by te wêzen. Neffens Sjinkie is it crossen foar him in moaie wize fan ûntspanning bûten it riden om. Hy sjocht der nei út om mei syn maten nei de wedstriden te gean.

Op dit stuit stekt Knegt wol sechtich oeren yn 'e wike yn it klearmeitsjen fan de auto en de trainings. Dat kin omdat de shorttracktraining no stilleit.

As de tarieding op it nije seizoen aansens wer úteinset, kin er safolle tiid net mear frij meitsje. Mar alle wedstriden meidwaan moat slagje, seit Sjinkie.

De Bantegeaster docht mei yn in Subaru, dy't er sels hielendal yn oarder makke hat foar de races. Op 26 maaie komt er foar it earst yn aksje yn Haarle. Op 9 juny is Sjinkie yn Noardburgum te bewûnderjen.

Trefwurden: 
Sjinkie Knegt autocross
(advertinsje)